Undersyk
Foardielen twataligens
Twataligens is goed foar de kognitive, de taalkundige en de sosjale ûntwikkeling fan bern. Soks blykt bygelyks út de ûndersiken fan Cummins (1978, 1983b), McLeay (2003), Keshavarz (2004) en Morales et al (2013). Twatalige bern leare makliker in tredde of fjirde taal. Wat de kognitive ûntwikkeling oanbelanget, binne se bygelyks faak better yn it skieden fan relevante en net-relevante ynformaasje.
Betingst dêrby is dat der sprake wêze moat fan lykweardige twataligens; bern moatte beide talen (like)goed behearskje, en se beide ek wurdearje (Seifert & Hoffnung 1994, Yow en Li 2015). Dêrby komt dat it nivo fan behearskjen fan de memmetaal sterk bepalend is foar it nivo fan behearskjen fan de twadde taal (Scheele 2010, Genesee&Geva 2006, Ordóñez et al 2002). Dit ferget ekstra omtinken yn twatalige sitewaasjes dêr’t sprake is fan in minderheids- en in mearderheidstaal, wêrby’t de minderheidstaal in legere status hat en minder brûkt wurdt yn bygelyks de media en it ûnderwiis (Ordonez et al 2002, Proctor et al. 2010 en 2017, Prevoo et al 2015).
De memmetaal fan bern dy't in minderheidstaal prate is ekstra kwetsber yn de VVE-perioade, wannear't de taalbasis oanlein wurdt en de taalidentiteit ûntwikkele wurdt (Cummins 2001; Hoff, Quinn & Giguere 2016).
Immersion < -- > Submersion
Oer it generaal liede early immersion-programma's (mearderheidstaalsprekkers wurde yn de foarskoalse perioade ûnderdompele yn de minderheidstaal) ta goede resultaten yn de behearsking fan de thústaal én de twadde taal. De twadde taal wurdt boartsjendewei tafoege oan de thústaal, wylst de hege status en de dominante maatskiplike posysje fan de thústaal derfoar soarget dat de ûntwikkeling fan de thústaal net ûnderbrutsen wurdt (Swain 1997, Hicky 2001, Lindholm-Leary & Genesee 2014).
Early-submersion-programma's (minderheidstaalsprekkers wurde yn de foarskoalse perioade ûnderdompele yn de mearderheidstaal) hawwe dêrfoaroer faak in averjochts effekt. Dy programma's kinne de dochs al lege status fan de minderheidstaal fierder ferleegje, en dêrtroch de ûntwikkeling fan de memmetaal ûnderbrekke (Duquette 1999, Rolstad et al 2005).
Dat ferklearret ek wêrom't foarskoalske programma's wêrby't minderheidstaalsprekkers folslein opheind en ûnderwiisd wurde yn de minderheidstaal, úteinlik ta bettere resultaten liede kinne yn de behearsking fan de mearderheidstaal as programma's wêrby't net of inkeld foar in part yn de minderheidstaal ûnderwiisd wurdt. Fertaald nei Fryslân betsjut dat dat (goede) Frysktalige foarskoalse programma's foar Frysktalige bern úteinlik ta in bettere behearsking fan it Nederlânsk liede kinne as twatalige of Nederlânsktalige programma's.
Wat betsjut dat foar Frysktalige bern?
Troch de dominante posysje fan it Nederlânsk bestiet it risiko dat de ûntwikkeling fan de memmetaal ôfremme wurdt. Yn de foarskoalse perioade moat dêrom de klam lizze op it Frysk. In soad omtinken foar it Frysk yn de foarskoalse ynstelling sil bydrage oan de ferbreding fan de memmetaalbasis fan Frysktalige bern, en sil in positive ynfloed hawwe op harren attitude foar dy taal oer.
Wat betsjut dat foar Nederlânsktalige bern?
Dy bern kinne profitearje fan de foardielen fan twataligens troch se op jonge leeftyd boartsjendewei yn kontakt te bringen mei de twadde taal. Om't it Nederlânsk de dominante taal is, en net allinne thús brûkt wurdt mar bygelyks ek yn de media en it ûnderwiis, wurdt de ûntwikkeling fan dy taal net negatyf beynfloede.
Wat betsjut dat foar oarstalige bern?
Jonge bern binne tige taalgefoelich en kinne mei gemak twa, trije en somtiden wol fjouwer talen oan. Dy sille se sels net altyd prate, mar faak wol begripe. It is foaral wichtich de taalmominten bewust te kiezen én te skieden. Oarstalige bern moatte fansels ek fertroud reitsje mei it Nederlânsk. Ek hjirfoar is it belangryk bewust mominten te kiezen. Dat kin prima op in manier sûnder dat it ta in fermindering fan it Fryske oanbod foar de rest fan de groep liedt.
Utgongspunten taalbelied foar- en ierskoalske perioade:
- It kreëarjen fan in omjouwing dêr’t de taalûntwikkeling fan bern yn stimulearre wurdt
- It útdragen fan de mearwearde fan twa- en meartaligens
- It konsekwint brûken fan de beide talen (sadat der sicht is op it oanbod, en der gebrûk makke wurdt fan it natuerlike fermogen fan bern om taal út ynteraksje te learen)
- It stimulearjen fan twataligens by alle bern troch yn de foar- en ierskoalske perioade goed omtinken te jaan oan de minderheidstaal
- In goede ôfstimming tusken foarskoalske ynstelling en de basisskoalle, wêrby't it Frysk him fierder ûntwikkelje kin en der fanôf groep 1 ek dúdlik omtinken is foar it oanbod en it aktive gebrûk fan it Nederlânsk.