Oer SFBO
SFBO wol alle bern yn Fryslân de kâns biede har twatalich te ûntwikkeljen. Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. Wy advisearje pedagogysk meiwurkers en learkrêften fan de ûnderbou by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.
Tys & Teske
Dit binne Tys & Teske! Tys & Teske wenje neist inoar en binne bêste freonen. Se boartsje faak tegearre en belibje dan fan alles.
Freontsjes wurde? Klik hjir om dy oan te melden
Tema materialen
Dielnimmers oan "Boartsjendewei in taal derby" kinne ferskate temamaterialen oanfreegje. Sjoch >hjir< foar in oersjoch en de bestellist. Nij is in oersjoch fan aktiviteiten mei wurdkaarten om noch mear taalproduksje út te lokjen.
Tomketeek foar professionals
Yn de 'Tomketeek' binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen sammele. De materialen binne sortearre op tema. Klik >hjir< en scroll nei ûnderen om fergees dyn ynlochkoade oan te freegjen. Dan kinst daliks oan 'e slach!

De Taalgroeimeter lit sjen hoe’t in twatalige ûntwikkeling derút sjocht. En jout tips en hânfetten foar ferskillende taalsituaasjes yn ‘e hûs: allinne Frysk, Frysk en Nederlânsk mar ek oarstalich.
Lês mearSjoch per gemeente hokker twatalige berne- en pjutte-opfanglokaasjes der yn de ferskillende doarpen binne.
Lês mear
Yn it Taalplan Frysk wurkje ferskate organisaasjes gear om alle bern yn Fryslân de kâns te bieden om de Fryske taal te learen.
Lês mear
Frysk
Nederlands
Nederlands