Begelieding
De meartalige ûntwikkeling is by de oergong nei de basisskoalle noch net ‘klear’. Sterker noch, om de talen echt goed te ferankerjen en optimaal fan (aktive) meartaligheid te profitearjen is kontinuïteit fanút de foarskoalske oanpak nedich.
Konkreet betsjut dat in trochgeande learline nei de groepen 1 en 2. Njonken it Nederlânsk romte en bewuste oandacht foar it Frysk. Op ynformele en formele mominten, by boarterslearaktiviteiten en frije aktiviteiten, Frysk as fiertaal en as ynstruksjetaal. Dat kin op fêststelde en ôfbeakene mominten, mar altyd bewust konsekwint en boartsjendewei.
As SFBO stypje wy graach by it bewust en boartsjendewei ynsetten fan beide doeltalen. Dêrby gean we út fan de prinsipes fan de foarskoalske oanpak, fansels op maat en mei de mooglikheden dy’t der binne. Eltse skoalle of IKC is ommers oars.
Wurkje jim as basisskoalle gear mei in meartalige pjutte- of berne-opfang?
Is de meartaligens ek yn groep 1 en 2 boarge?
SFBO kin hjir begelieding biede neffens de rjochtlinen fan it ‘Boartsjendewei in taal derby’.
123Zing.nl is in metoade foar poadiumkeunsten. Yn gearwurking mei SFBO binne hjir Fryske ferskes yn opnommen.