Boartsjendewei in taal derby

Algemien

Meartaligens jout dy in foarsprong
Bern dy 't yn har jonge jierren mear as ien taal leare, hawwe dêr in soad foardiel fan. Dat docht bliken út ûndersiken oer de hiele wrâld.

De foardielen op in rychje:

Twatalige (of meartalige) bern:

  • binne taalgefoeliger, se leare letter makliker in tredde, fjirde of fyfde taal.
  • ûntwikkelje in grutter wurkgeheugen. Dêrtroch kinne se har makliker fokusje en konsintrearje
  • leare makliker technysk lêzen. Se witte earder hokker letter by hokker klank heart en plakke de letters earder oan elkoar ta wurden.
  • binne letter yn it foardiel by it sykjen nei in baan.
  • krije, as se de beide talen ek letter geregeldwei brûke, letter minder gau lêst fan demintsy.

 

Binne der ek neidielen?

  • Soms wurdt tocht dat twataligens betiizjend is foar in bern en taalefterstannen feroarsaakje kin. Bygelyks trochdat de beide talen mar heal leard wurde.
  • Neffens deskundigen is meartaligens lykwols nóáit de oarsaak fan in taalprobleem. Taalproblemen kinne dan ek net oplost wurde troch ienfâldichwei allinne it Nederlânsk oan te bieden.


Twatalige opfang foar alle bern: 
Alle bern hawwe der baat by twatalige opfang. Sjoch hjir wêrom't dat jildt foar Frysktalige, foar Nederlânsktalige en foar oarstalige bern. Yn Fryslân binne sa’n 270 berne- opfangsintra dy ' t sertifisearre twatalich binne. Besjoch hjir it aktuele oersjoch.

Algemien