Privacy
Fia de webside fan SFBO wurde privacygefoelige gegevens oftewol persoansgegevens ferwurke. SFBO acht in soarchfâldige omgong mei persoansgegevens fan grut belang. Persoanlike gegevens wurde troch ús dan ek soarchfâldich ferwurke en befeilige. By ús ferwurking hâlde wy ús oan de easken dy't de Algemiene Feroardering Gegevensferwurking (AVG) stelt. Dat betsjut ûnder oare dat wy:
• dúdlik neame mei hokker doelen wy persoansgegevens ferwurkje. Dat dogge wy fia dizze privacyferklearring;
• ús samling fan persoansgegevens beheine oant allinne de persoansgegevens dy nedich binne foar legityme doelen;
• jo earst feegje om útdruklike tastimming om jo persoansgegevens te ferwurkjen yn fallen wêryn jo tastimming fereaske is;
• passende befeiligingsmaatregels nimme om jo persoansgegevens te beskermjen en dat ek easkje fan partijen dy't yn ús opdracht persoansgegevens ferwurkje;
• jo rjocht respektearje om jo persoansgegevens op jo oanfraach ta ynsjen te bieden, te ferbetterjen of fuort te smiten.
SFBO is de ferantwurdlik foar de ferwerking fan de gegevens. Yn dizze privacyferklearring lizze wy út hokker persoansgegevens wy sammelje en brûke en mei hokker doel. Wy riede jo oan dizze soarchfâldich te lêzen.
Gebrûk fan persoansgegevens
Troch it brûken fan de webside fan SFBO litte jo - as jo dêrfoar kiese -persoansgegevens by ús efter. Wy bewarje en brûke útslutend de persoansgegevens dy rjochtstreeks troch jo opjûn wurde, yn it ramt fan de troch jo frege tsjinst, of wêrfan by opjefte dúdlik is dat hja oan ús beskikber steld binne om te ferwurkjen.
Wy brûke de folgjende gegevens foar de yn dizze privacyferklearring neamde doelen:
• NAW gegevens
• Telefoannûmer
• Emailadres
Bewarjen fan jo gegevens
Gegevens dy jo fia de webside by ús efterlitte wurde bewarre salang as nedich is foar in folsleine ôfhandeling fan de tsjinst. Gegevens fan gadingmakkers dy net foar in ferfolch fan it sollisitaasjetrajekt yn oanmerking komme wurde binnen 4 wiken nei it earste sollisitaasjepetear fuorthelle.
Kontaktformulier
As jo in kontaktformulier op de webside ynfolje, of ús in e-mail stjoere, dan wurde de gegevens dy jo ús tastjoere bewarre salang as nei de aard fan it formulier of de ynhâld fan jo e-mail nedich is foar de folsleine beantwurding en ôfhandeling dêrfan.
Publikaasje
Wy publisearje jo gegevens net.
Beskikberstelling oan tredden
Jo gegevens wurde útdruklik net oan tredden beskikber stelt.
Websiden fan tredden
Dizze privacyferklearring is net fan tapassing op websiden fan tredden dy troch middel fan links mei dizze webside ferbûn binne. Wy kinne net garandearje dat dizze tredden op in betroubere of feilige manier mei jo persoansgegevens omgean. Wy riede jo oan de privacyferklearring fan dizze websiden te lêzen foar jo fan dizze websiden gebrûk meitsje.
Wizigingen yn dizze privacyferklearring
Wy behâlde ús it rjocht foar om wizigingen oan te bringen yn dizze privacyferklearring. It fertsjinnet oanbefelling om dizze privacyferklearring geregeld te rieplachtsjen, sadat jo fan dizze wizigingen op de hichte binne.
Ynsjen en wizigjen fan jo gegevens
Foar fragen oer ús privacybelied of fragen omtrint ynsjen en wizigingen yn (of ferwidering fan) jo persoansgegevens kinne jo kontakt mei ús opnimme.