Sertifikaat 'Boartsjendewei in taal derby'
Taalbelied rjochte op in twatalige ûntwikkeling fan bern
De provinsje stelt subsydzje beskikber oan lokaasjes foar berne- en pjutte-opfang dy’t in taalbelied ûntwikkelje dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan bern. Utgongspunten binne:
- it kreëarjen fan in omjouwing dêr’t de taalûntwikkeling fan bern yn stimulearre wurdt
- it útdragen fan de mearwearde fan twa- en meartaligens
- it stimulearjen fan twataligens by alle bern; fanwege de dominante posysje fan it Nederlânsk yn de media, ûnderwiis en maatskiplik libben is it nedich dat yn de foarskoalske perioade it Frysk ekstra stipe wurdt
- it konsekwint brûken en oanbieden fan de beide talen (sadat der sicht is op it oanbod, en der gebrûk makke wurdt fan it natuerlike fermogen fan bern om taal út ynteraksje te learen)
Modellen om mei te wurkjen
Yn de praktyk wurdt it twatalige belied op elke lokaasje op maat en yn oerlis mei lieding en pm'ers ûntwikkele. Mooglike modellen op mei te wurkjen binne bygelyks:
- In Frysktalige groep of opfang (net wat de thústaal fan de bern, mar wat de omgongs- en ynstruksjetaal fan de liedster oanbelanget)
- In twatalige groep of opfang dêr’t de iene liedster konsekwint Frysk praat en de oare liedster konsekwint Nederlânsk. Yn it totale oanbod moat hjirby rom foldwaande omtinken foar it Frysk wêze.
- In twatalige groep of opfang wêrby’t it Frysk troch pedagogysk meiwurkers en frijwilligers as fiertaal brûkt wurdt en it Nederlânsk in plak kriget yn ôfbeakene taalaktiviteiten
Foardielen fan it sertifisearringstrajekt
- In subsydzje fan € 2.250,- (de lokaasje)
- Strukturele stipe op it mêd fan taalbelied yn it algemien, mei yn it bysûnder omtinken foar de twatalige ûntwikkeling fan bern (praktyske begelieding / oerlis op de wurkflier, kursussen, kennisútwikseling en besite fan in deskundige fisitaasjekommisje dy’t it taalbelied hifket en feedback jout)
- Deskundigensbefoardering fan de pedagogysk meiwurkers op it mêd fan taalûntwikkeling & twataligens
- Dúdlikens nei bûten dat de opfang bewust en deskundich omgiet mei taalûntwikkeling & twataligens
Tiidsynvestearring
Oangeande de tiidsynvestearring; it trajekt wurdt safolle mooglik ynpast yn de reguliere wurksumheden, en kostet dus net in soad ekstra tiid. Boppedat leveret it SFBO geskikt temamateriaal.
Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Wy advisearje pedagogysk meiwurkers by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk.
Foar de by ús oansletten lokaasjes is de brosjuere Frysk en oarstaligen beskikber.