Materialen
Foar lokaasjes dy't oan it sertifisearringstrajekt 'Boartsjendewei in taal derby' dielnimme binne tema-materialen beskikber. In lokaasjes kin sels maks 2 pakketten per kear oanfreegje fia dit formulier. We stribje dernei de pakketten binnen twa skoalwiken te ferstjoeren. Wolst se leaver op de mail ûntfange? Jou dat by de opmerkings yn it formulier oan.
Wolkomsboekjes
Der binne wolkomsboekje foar de pjutte-opfang en foar it bernedeiferbliuw. Yn beide boekjes stiet ynformaasje foar âlders oer de meartalige ûntwikkeling. De bern krije dizze mei nei hûs.
Yn de boekjes kinne de pedagogysk professionals ynformaasje sette, bygelyks oer de iepeningstiden en/of (opsis)ferskes dy't by harren songen wurde. Yn it boekje stean ek ferhaaltsjes en praatplaten oer it boartsjen by de opfang dy’t âlders mei harren bern lêze kinne.
Doch mear mei Tomke map
De aktiviteitemap ‘Doch mear mei Tomke’ jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op in ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. Al pratend, lêzend, sjongend, dûnsjend, boartsjend en nifeljend wurdt oan ’e hân fan tolve tema’s de taalûntwikkeling fan bern stimulearre. En fansels ek de emosjonele, sosjale en motoaryske ûntwikkeling. Handich dêrby is dat de tema’s en aktiviteiten oanslute by de Nederlânske metoaden ‘Uk en Puk’ en ‘Piramide’.
Hoekekaarten & Deiritmekaarten
Hoekekaarten binne fisuele kaarten dy't oanjouwe hokker boartershoeken beskikber binnen yn de groep.
Deiritmekaarten binne fisuele helpmiddels dy't de ferskate ûnderdielen fan de dei werjouwe.
By it tematysk materiaal dat SFBO útjout, sitte ek twatalige wurdkaarten. It doel is net allinnich om de wurden te learen, mar ek om mear taal oan de bern te ûntlokjen en om talige ynteraksje te stimulearjen.

De Taalgroeimeter lit sjen hoe’t in twatalige ûntwikkeling derút sjocht. En jout tips en hânfetten foar ferskillende taalsituaasjes yn ‘e hûs: allinne Frysk, Frysk en Nederlânsk mar ek oarstalich.
Lês mearDeiritmekaarten binne fisuele helpmiddels dy't de ferskate ûnderdielen fan de dei werjouwe. Ze binne wichtich foar de struktuer, de taalûntwikkeling, selsstannigens en belutsenens, ynklúzje en soargje foar rêst op de groep.

Frysk
Nederlands
Nederlands


