Westersingel 4, 8913 BK Ljouwert

Sertifisearingstrajekt

Taalbelied rjochte op in twatalige ûntwikkeling fan bern
De provinsje stelt subsydzje beskikber oan pjutte-opfang en bernedeiferbliuwen dy’t in taalbelied ûntwikkelje dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan bern. Utgongspunten binne:

  • it kreëarjen fan in omjouwing dêr’t de taalûntwikkeling fan bern yn stimulearre wurdt
  • it útdragen fan de mearwearde fan twa- en meartaligens
  • it stimulearjen fan twataligens by alle bern; fanwege de dominante posysje fan it Nederlânsk yn de media, ûnderwiis en maatskiplik libben is it nedich dat yn de foarskoalske perioade it Frysk ekstra stipe wurdt
  • it konsekwint brûken fan de beide talen (sadat bern de talen makliker skiede kinne)


Modellen om mei te wurkjen
Pjutte-opfang en bernesintra kinne kieze út ferskate modellen om mei te wurkjen:

  • In Frysktalige opfang (net wat de thústaal fan de bern, mar wat de omgongs- en ynstruksjetaal fan de liedster oanbelanget)
  • Ien of mear Frysktalige groepen neist ien of mear Nederlânsktalige groepen (âlden kinne kieze yn watfoar taal har bern opheind wurde)
  • In twatalige groep dêr’t de iene liedster konsekwint Frysk praat en de oare liedster konsekwint Nederlânsk. Yn it totale oanbod moat hjirby rom foldwaande omtinken foar it Frysk wêze.
  • In twatalige ynstelling wêrby’t it Frysk troch pedagogysk meiwurkers en frijwilligers as fiertaal brûkt wurdt en it Nederlânsk in plak kriget yn ôfbeakene taalaktiviteiten

 

Foardielen fan it sertifisearringstrajekt

  • In subsydzje fan € 2250,= (de lokaasje)
  • Strukturele stipe op it mêd fan taalbelied yn it algemien, mei yn it bysûnder omtinken foar de twatalige ûntwikkeling fan bern (praktyske begelieding / oerlis  op de wurkflier, kursussen, kennisútwikseling en besite fan in deskundige fisitaasjekommisje dy’t it taalbelied hifket en feedback jout)
  • Deskundigensbefoardering fan de pedagogysk meiwurkers op it mêd fan taalûntwikkeling & twataligens
  • Dúdlikens nei bûten dat it boartersplak bewust en deskundich omgiet mei taalûntwikkeling  & twataligens


Tiidsynvestearring
Oangeande de tiidsynvestearring; it trajekt wurdt safolle mooglik ynpast yn de reguliere wurksumheden, en kostet dus net in soad ekstra tiid. Boppedat leveret it SFBO geskikt temamateriaal.

Sertifisearingstrajekt