Westersingel 4, 8913 BK Ljouwert

Frysk yn 'e ûnderbou

Frysk yn 'e underbou
Yn stêden lykas Ljouwert, Snits, Drachten en It Hearrenfean wol in groeiend tal basisskoallen mear dwaan oan it Frysk yn de ûnderbou. Om’t de learkrêften it Frysk soms noch net goed behearskje, of har ûnwis fiele yn dy taal, helpe Cedin en it SFBO dy skoallen om dat foarm te jaan troch de ynset fan memmetaalsprekkers.

Memmetaalsprekkers
Memmetaalsprekkers bin frijwilligers dy’t ien kear wyks of om ‘e fjirtjin dagen in deidiel op in skoalle yn ‘e beukergroepen helpe om dêr it Frysk oan te bieden. Se organisearje spultsjes en aktiviteiten wêrby it Frysk de voertaal is. De utstraling dy’t memmetaalsprekkers ha op jonge bern en de learkreften hat in posityf effekt op de taal- en wurdskatûntjouwing fan jonge bern.

Cedin en it SFBO begeliede de memmetaalsprekkers en soarchje foar materiaal. De memmetaalsprekkers krije in frijwilligersfergoeding.


Memmetaalsprekker wurde?
Fine jo it aardich om mei bern te wurkjen en wolle jo in ympuls jaan oan it Frysk yn it ûnderwiis? Stjoer dan in mailtsje nei it SFBO: j.krol@sfbo.nl
 

Frysk yn 'e ûnderbou